Asbest op Ljouwerter plysjeburo

11 okt 2001 - 00:00

Alle meiwurkers fan it plysjeburo yn Ljouwert oan de Holstmeerweg nr 3 moasten tongersdei út it gebou. Dêr is it gefaarlike brune asbest oantroffen.

Inkeld de plysjes yn de meldkeamer mochten sitten bliuwe, al moasten se wol in beskermingskapke foar de mûle hawwe. It personiel, 200 man, is tydlik op in oare lokaasje ûnderbrocht. It is ûndúdlik hoefolle asbest oft der is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)