Asbest Marrum leit der noch

05 sep 2012 - 11:01
  • (foto-ympresje)

De bewenners fan twa huzen yn Westernijtsjerk by Marrum kinne noch net werom nei hûs. Sneontejûn is by in brân yn in garaazje by in wenhûs asbest frijkaam. De huzen moatte noch skjinmakke wurde troch in spesjalisearre bedriuw. Yn de boskjes leit noch wat fan it kankerferwekjende guod.

De strjitte is ûnderwilens wol skjinmakke en it ferkear kin der wer del. Hoe lang't it noch duorje sil foardat alle asbest oprêden is, is noch net bekend. De bewenners fan de huzen hawwe sels ûnderdak fûn by famylje en kunde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)