Asbest fûn by renovaasje swimbad Burgum

16 jun 2015 - 19:49
  • Asbest yn swimbad Burgum
  • Swimbad Wetterstins yn Burgum

By renovaasjewurksumheden yn it swimbad fan sportkompleks De Wetterstins yn Burgum is asbest oantroffen. It waard fûn yn de gevel fan it bad. Op it stuit wurdt ûndersocht yn hoefier't de asbestdieltsjes har ferspraat hawwe. Foar de wissichheid is it hiele sportkompleks foarearst sletten. Oan de ein fan de wike ferskynt it ûndersyksrapport.

Dan wurdt ek dúdlik wannear't de sporthal wer iepen giet en it wurk wer oppakt wurde kin. De sporthal bliuwt yn alle gefallen oant takom moandei ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)