Asbest fûn by bou Feinsum

03 sep 2007 - 20:59
  • Meiwurkers fan it asbestbedriuw op ûndersyk op it terrein

By it bouryp meitsjen fan in nijboulokaasje yn Feinsum is asbest fûn. De wurksumheden binne stillein.

Op it plak dêr't eartiids in keallemesterij stie, soene acht wenten komme. By graafwurksumheden waarden platen en lytsere brokken asbest fûn dy't yn de grûn bedobbe wiene. Der wurdt no ûndersocht hoe slim de grûn krekt fersmoarge is. It bouprojekt is foarearst stillein oant der mear dúdlik is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)