Asbest frijkommen yn Harns

31 okt 2013 - 09:38
  • Troch de stoarm fan moandei is de gevel ynfallen

By de loads oan de Willemshaven yn Harns, dy't moandei swier skansearre rekke by de stoarm, is asbest frijkommen. Dat meldt de gemeente Harns. Woansdei is in diel fan it terrein skjinmakke, tongersdei wurdt de rest opromme. In stik fan de Willemshaven is ôfset. Foar dat stik jildt in needferoardering. Dat betsjut dat net ien dat gebiet yn mei.

It is net dúdlik hoe lang de opromwurksumheden noch duorje sille. Yn de omlizzende strjitten is gjin asbest fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)