Asbest frijkaam by brân Wyns

21 feb 2013 - 10:17
  • Fan de skuorre yn Wyns is net folle mear oer
  • De pleats foar de brân
  • De pleats yn Wyns foar de brân

It asbest dat frijkaam is by de brân yn Wyns, jout gjin gefaar foar de folkssûnens. Dat docht bliken út de earste mjittings dy't in spesjalisearre bedriuw dien hat.

De grutte brân hat woansdeitejûn in bêd en brochje by it doarp folslein yn de jiske lein. Santjin studinten fan in agraryske oplieding út Dronten wiene doe op 'e pleats. Se koene allegearre op 'e tiid fuortkomme en binne ûnderbrocht yn hotels yn de omkriten.

De útfanhûzjende studinten sitte op kursus by de praktykskoalle PTC+ yn Oentsjerk. Fan de sechstjin learlingen binne tongersdeitemoarn trije nei hûs weromgien, om't se te bot oandien binne troch de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)