Asbest frijkaam by brân loads

22 okt 2009 - 09:51
  • Flammen tusken de ierappelbakjes
  • It dak dêr't asbest yn sit is foar in part ynstoart

By in útslaande brân yn in loads yn Sint Jabik is tongersdei asbest frijkaam. It guod siet yn it dak dat yn 'e brân stie. Yn 'e loads oan 'e Koudeweg lizze ierappels. De loads stiet los fan it wenhûs dat derby heart.

Der binne gjin persoanen of fee by de brân belutsen. De korpsen fan Sint Anne en Menaam binne dwaande de brân te bestriden. De bân wie om healwei alven hinne ûnder kontrôle. Der wurdt no noch neiblust.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)