Asbest frijkaam by brân Ljouwert

04 apr 2005 - 12:53

By in brân yn in skiphûs fan de Ljouwerter jachthaven is sneintenacht asbest frijkaam. It fjoer ûntstie yn in loads mei skippen dêr't platen mei asbest leinen. De tagongsdiken nei suvelfabryk Friesland Foods waarden ôfsletten. Nei ûndersyk die bliken dat der gjin asbest op it terrein lei.

Wol leit der asbest om de jachthaven hinne. In part fan it jachthaventerrein bliuwt dêrom foarearst ôfsletten. By de brân giene seis skippen ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)