Asbest frijkaam by brantsje

26 jul 2012 - 07:38

By in brantsje yn in hok yn de wyk De Greiden op It Hearrenfean is woandeitemiddei asbest frijkaam. It gebiet oan de Kattebos dêr't it asbest ferspraat is, is ôfset. Woansdeitejûn is ûndersyk dien yn de omjouwing, mar bûten it ôfsetten gebiet is gjin asbest mear fûn. Bewenners yn de direkte omjouwing hawwe in ynformaasjebrief krigen.

It is noch net dúdlik hoe't it hokje yn 'e brân flein is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)