Asbest dumpt yn Kollumerwaard

01 jun 2010 - 16:53
  • Foto: Omrop Fryslân

Yn 'e Kollumerwaard is tiisdei asbest fûn. It giet om dakplaten dy't achterlitten binne yn in kwetsber stik natuer, nei alle gedachten troch in partikulier. It giet om in pear platen. Se hiene fergees oanbean wurde kinnen by de gemeente Kollumerlân. Sûnt novimber jildt dat om dumpen fan asbest foar te kommen.

De gemeente moat in spesialistysk bedriuw ynhiere om it asbest op te rêden. De ekstra kosten binne 4000 euro. De dumpers riskearje selstraf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)