Arumer oppakt mei xtc-pillen

06 feb 2011 - 15:30

De plysje hat sneintemoarn yn Berltsum in 20-jierrige Arumer oanholden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. Plysjes joegen de man in stopteken omdat er der in opfallende rydstyl op nei hold. Pas nei in skoftke bleau er stilstean.

Omdat de plysje tocht dat er drugs brûkt hie, waard er nei it buro brocht foar in bloedtest. Yn de auto fan de fertochte fûn de plysje noch tweintich xtc-pillen. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)