Arum skokt nei stekkerij

29 apr 2002 - 00:00

Yn Arum is skokt reagearre op in stekpartij by it jeugdhonk, sneintenacht. Dêrby rekke in 17-jierrige Achlumer slim ferwûne. Hy leit op de intensive care.

De dieder, in 16-jierrige jonge fan Arum, is troch omstanners oermastere. De dieder trof it slachtoffer yn jeugdhonk De Raat. Hy gie fuort om thús in mes op te heljen en stuts de oar del. De twa jonges ha spul om in famke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)