Artystegala foar sike Ynze

28 jan 2006 - 16:52

23 artysten hawwe freedtejûn belangeleas optreden foar Ynze(15) út Bûtenpost. De feestjûn fûn plak yn sealesintrum The Point yn Bûtenpost. Ynze hat in seldsume sykte, wêrtroch er ynienen yn in koma reitsje kin. Freonen fan Ynze organisearren dêrom in gala mei sjongers fan it Nederlânske libbensliet. Ynze stie sels ek noch op de planken.

De opbringst giet nei de berneôfdieling fan sikehûs UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)