Arts wol Van Beukering hâlde

11 nov 2010 - 13:14

As it oan trainer Alfons Arts leit, krijt Jhon van Beukering in kontrakt by SC Cambuur. De spits hat de ôfrûne twa dagen in goeie yndruk achter litten. 'Jhon is fit en kan zeker van waarde zijn voor ons', sa seit Arts.

De oanfaller sjocht it sels ek sitten om te bliuwen. Van Beukering: 'Ik wil graag weer voetballen en heb een goed gevoel bij Cambuur.' Finansjeel ha de Ljouwerters lykwols net in soad te bieden dus it is mar de fraach oft Van Beukering in kontrakt krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)