Arts noch in jier by Cambuur

16 jan 2012 - 20:13

Alfons Arts is ek takom seizoen de haadtrainer fan Sportklup Cambuur. Hy hat syn kontrakt mei ien jier ferlingd. Dêrmei bliuwt de technyske stêf takom jier sa`t dy no is. De kontrakten fan alle assistint-trainers (Henk de Jong, Jan Bruin en Rene Grotenhuis) rûnen noch oant 2013.

Arts is sûnt 2007 yn tsjinst by de Ljouwerters, earst as assistint. Hy folge yn oktober 2010 Stanley Menzo op as haadtrainer. Under lieding fan Arts helle Cambuur ferline seizoen de play-offs. Op dit stuit stiet de ploech op it fjirde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)