Arts: mear kriich by Cambuur

07 mrt 2013 - 12:50
  • Alfons Arts

Cambuur-trainer Alfons Arts wol tsjin Telstar mear kriich by syn ploech sjen. Ofrûne moandei ferlear Cambuur mei 3-1 fan Veendam en de wize wêrop't dat barde wie Arts min nei it sin. Dêrom begjinne Yuri Rose en Melvin de Leeuw freed yn de basis. Ek keart Michiel Hemmen, dy't wer hielendal fit is, werom yn de spits.

Martijn Barto en Oebele Schokker sitte op de bank en Mart Dijkstra is skorst. Opstelling Cambuur: Telgenkamp, Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Bakker, Rose, De Leeuw, Hemmen en Tighadouini.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)