Arsjitektuerpriis foar Henket

28 aug 2004 - 13:05

De prestizjeuze priis fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten giet nei Hubert-Jan Henket en Wessel de Jong. Henket is yn Fryslân bekend foar syn ûntwerp foar it nije Frysk Museum op it Saailân yn Ljouwert. De plannen dêrfoar waarden yn maart presintearre.

De sjuery wie loofjend oer Henket syn 'dúdlike fizy op it revitalisearjen fan arsjitektoanysk erfguod'. Hoe't it Fryske erfguod krekt yn it nije Frysk Museum stâljûn wurdt, is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)