Arsjitekten skoare yn Sina

14 okt 2013 - 12:38
  • In ympresje fan it fakânsjedoarp
  • In ympresje fan it fakânsjedoarp
  • Achterbosch en Zantman

Ljouwerter arsjitekten Hans Achterbosch en Bart Zantman hawwe in grutte Sineeske opdracht binnen helle. Se binne frege in rekreaasjepark te ûntwikkeljen by de Ljouwerter susterstêd Liyang.

By in hotel moatte 30 beamwenten boud wurde, guon skean by in berchhelling op. Dêr kinne toeristen yn oernachtsje. De rekreaasjewenten binne benammen bedoeld foar de binnenlânske merk en oernachtsje kostet sa tusken de 500 en 1000 euro.

It is foar Achterbosch en Zantman in wichtige opdracht om yn Sina oan de gong te kinnen. De Sineeske beamwenten moatte al yn maaie takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)