Arsjitekt by ierdbeving Japan

11 mrt 2011 - 13:18

De Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch is ien fan de Friezen dy't op it momint fan 'e ierdbeving yn Japan wie. Hy is yn Japan om de heechste berch fan it lân, de Fuiji, te beklimmen.

Achterbosch wie krekt werom yn Tokyo nei de klim, doe't de ierde begûn te skodzjen. Op dat momint siet er yn in bus. Hy seach gebouwen, boukranen en beammen triljen. Fan in gebou foelen stikken ôf. De arsjitekt makke dêr opnames fan mei syn I-Phone.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)