Arrivatreinen skjinner

14 jan 2013 - 21:57

Arriva sil tenei faker de treinen in waskbeurt jaan. Dat sil boppedat ek mei better materiaal dien wurde. Dat lit direkteur Anne Hettinga oan sjoernaliste Annelies van der Goot út Ljouwert witte yn brief.

Van der Goot hie it probleem fan de smoarge ruten yn desimber oankaarte yn in iepen brief yn it tydskrift Noorderbreedte. Se klage ûnder oare dat it Fryske lânskip troch de ruten fan in Arrivatrein suver wol in Russysk yndustrygebiet like.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)