Arrivabussen bliuwe op Skier

24 jan 2008 - 12:27
  • Arriva hâldt it busferfier op Skiermûntseach

It busferfier op Skiermûntseach bliuwt yn hannen fan Arriva. De provinsje hat it ferfiersbedriuw in konsesje gund fan 1 maart oant en mei 2012. Dêrnei kin er mei trije jier ferlingd wurde.

Foar de oare Fryske eilannen moat noch in oplossing fûn wurde, want dêr hat gjinien foar ynskreaun. De provinsjale bydrage soe te leech wêze. De provinsje wol de besteande kontrakten tydlik ferlinge, oars driigje dêr gjin bussen mear te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)