Arriva ynruile foar Connexxion

09 mrt 2005 - 16:21

Iepenbier ferfiersmaatskippij Arriva fan It Hearrenfean rekket it busferfier yn noardeast-Oerisel en súdwest-Drinte kwyt. De provinsjes Oerisel en Drinte ha besletten dat ferfiersbedriuw Connexxion dêr tenei it busferfier fersoargje mei. Connexxion wreidet dêrmei syn ferfiersgebiet yn de regio út. It bedriuw rydt al yn Zwolle, Emmen, Coevorden en Borger-Odoorn.

Yn Fryslân docht Connexxion taksy- ferfier, handikapteferfier en de Q-liner

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)