Arriva wreidet gebiet fan Opstapper út

17 mrt 2016 - 17:34
  • Arriva bus

De Opstapper fan ferfiersbedriuw Arriva rydt tenei yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Neffens de ferfierder wie in proef yn Noardeast-Fryslân sa'n súkses, dat de tsjinst fan de bus-op-ôfrop útwreide is.

Reizgers wurde mei de Opstapper fan in fêst oerstappunt nei in sintrale halte yn in doarp brocht, dêr't de bus oars net komt. Mei dy tsjinstferliening hawwe alle doarpen yn it gebiet fan moarns betiid oant tsien oere jûns in ferbining mei bus en trein, seit Arriva.

Sûnt de ynfiering fan de Opstapper yn 2013 is it oantal reizgers ferdûbele. Arriva hat it tal knooppunten útwreide. Sa binne der no ferbiningen nei de sikehuzen yn Harns en Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)