Arriva wol woansdei wer bussen en treinen ride litte

05 jan 2016 - 22:32

Bus- en treinferfierder Arriva wol woansdei de treinen en bussen wer ride litte. Wol hâldt de ferfierder it waarbyld skerp yn de gaten, seit wurdfierder Joyce de Vries fan Arriva. De ferfierder hat kontakt mei Prorail oer de sitewaasje op it spoar, en mei de gemeenten oer de rûtes fan de struiweinen.

It is it doel dat de bussen woansdeitemoarn gewoan útride, mar dan moatte de sjauffeurs wol nei de remize komme kinne, sa seit de De Vries. It streekferfier fan Arriva lei tiisdei foar it grutste part stil.

De treinen fan Arriva rieden wol, mar net alhiel neffens tsjinstregeling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)