Arriva wol grien busstasjon

06 maaie 2013 - 10:36
  • Arrivabus

Saakkundigen op it mêd fan duorsumheid ûndersykje de kommende wiken hoe't de busfestiging fan Arriva yn Ljouwert enerzjy- en wetterneutraal makke wurde kin. It moat in foarbyld wurde foar de oare festigings fan Arriva yn Nederlân. Dit bart yn it ramt fan The Green Quest. Dat is in syktocht nei oplossingen om griener en duorsumer te ûndernimmen.

Woansdei is it offisjele startskot yn Ljouwert. Mids juny wurdt der in plan fan oanpak presintearre oan de direksje fan Arriva. It is it doel dat ek reizgers mei ideeën komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)