Arriva wol bussen mei oanhingers yntrodusearje

13 mrt 2015 - 16:49
  • Arriva bus

Ferfiersbedriuw Arriva wol bussen mei oanhingers yntrodusearje yn it Nederlânske iepenbier ferfier. Neffens it bedriuw is it fenomeen al langer bekend yn Dútslân en Switserlân, mar soe it yn Nederlân ek prima kinne. In oanhinger soe ekstra sit- of steanplakken biede kinne oan de reizgers.

De pilot foar it projekt wurdt útfierd yn Gelderlân. De oanhingers sille benammen ynset wurde op trajekten dêr't bytiden ekstra kapasiteit nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)