Arriva ûndersiket tariven

16 jan 2013 - 12:51

Arriva sil ûndersykje oft hjir yn Fryslân ek reizgers lêst ha fan de nije tariven fan de ferfierder. Arriva hat de zônes ôfskaft en rekkenet no allinnich de riden kilometers. Yn guon gefallen geane minsken der op foarút, yn oare gefallen betelje se folle mear jild. Yn Súd-Hollân krije minsken no koarting. Der binne ek klachten út Fryslân by Arriva binnenkaam. Arriva sil ûndersykje wêr't de meast ekstreme priisferskillen sitte en sa mooglik in oplossing betinke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)