Arriva skrast collegeliner fan Bûtenpost nei Ljouwert

24 des 2015 - 11:05
  • Arrivabus

Arriva hâldt mei yngong fan it nije jier op mei de collegeliner fan Bûtenpost nei de skoalkampussen NHL en Stenden yn Ljouwert. De bus waard fan 2014 ôf ynsetten om moarns de drokke spitstrein fan Grins nei Ljouwert te ûntlêsten.

Makken earst gemiddeld 25 studinten deis gebrûk fan de collegeliner, sûnt it begjin fan dit skoaljier binne dat der noch mar 14. Omdat der yn de trein no genôch plak is, skrast Arriva de collegeliner.

De ferfierder hâldt de ûntwikkelings yn de gaten en mocht it nedich wêze, dan wurdt de collegelinger wer ynsetten. De oare collegeliners fan Arriva bliuwe riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)