Arriva set kontroleurs op bussen

17 jan 2003 - 00:00

Busmaatskippij Arriva hat kontroleurs oansteld foar op de steds- en streekbussen. Passazjiers en sjauffeurs moatte har dêrtroch wer feiliger fiele, yn de bus en op stasjons. Arriva fersoarget ûnder mear bustsjinsten yn Fryslân.

De kontroleurs wurkje yn twatallen. Se rinne op stasjons en stappe yn willekeurige bussen. Foarearst binne der fyftjin kontroleurs, letter komme der mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)