Arriva: "Ryk moat kontrakten mei NS ferneatigje"

17 nov 2015 - 10:28

De oerheid moat de spoarkontrakten mei ferfierder NS ferskuorre. Dat soe in logysk gefolch wêze fan de krityske útkomsten fan it Fyra-rapport oer it debâkle mei de hegesnelheidstrein nei Brussel. Dat seit Arriva-direkteur Anne Hettinga fan Snits yn it iepenbier ferfierblêd OV Pro.

De kontrakten foar de hegesnelheidstrein en it haadrailnetwurk moatte neffens Hettinga ûnôfhinklik oanbestege wurde. Sa krije oare ferfierders ek in kâns om harren te bewizen.

Neffens Hettinga witte bedriuwen as Arriva, Connexxion/Veolia en Syntus in sukses te meitsjen fan oanbestegingen yn de regio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)