Arriva past bustiden oan fanwege skoalbern yn Berltsum

06 mrt 2015 - 14:39
  • Arriva bus

De bussen fan Arriva ride takom winter neffens in oanpaste tsjinstregeling. Dat bart spesjaal foar skoalbern út Beltsum. De âlden fan de bern binne tige bliid mei de oanpassing.

Bern út de doarpen om Frjentsjer hinne gean yn de winter faak mei de bus nei skoalle yn Frjentsjer. Trochdat der sûnt 2014 in feiligere fytsrûte is tusken Beltsum en Frjentsjer is it tal learlingen op it Anna Maria van Schurman tanaam. Dy bern wolle yn de winter graach mei de bus. Mei de feroarings yn de tsjinstregeling kin dat tenei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)