Arriva net nei Limburch

16 maaie 2006 - 17:55

Streekferfierder Arriva grypt neist de oarder foar it iepenbier ferfier yn Limburch. Dat is tiisdei bekendmakke troch deputearre Mat Vestjens fan de provinsje. Arriva wie yn de race mei noch twa oare bedriuwen. De oarder giet no nei it Frânse ferfiersbedriuw Veolia. Arriva rint dêrmei 1,2 miljard euro mis.

Arriva is fan oarsprong in Ingelske ferfierder. It haadkantoar foar Nederlân stiet op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)