"Arriva moat koarting krije op taryf foar spoargebrûk"

23 jul 2015 - 11:08
  • De trein rydt dit wykein net tusken Ljouwert en Harns

Spoarbehearder ProRail moat de tariven foar it gebrûk fan it spoar troch lichtere treinen ferleegje. Dat hat de Autoriteit Consument en Markt besletten nei in klacht fan regionale ferfierders, wêrûnder ek Arriva fan It Hearrenfean.

Dizze regionale ferfierders brûke treinen dy't lichter binne as 120 ton. Dochs moatte se itselde taryf betelje as foar swierdere treinen fan 160 ton. De ACM hat ProRail no opdracht jûn om de gewichtsklassen op 'e nij yn te dielen en dêrby rekken te hâlden mei de lichtere treinen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)