Arriva makket reizgjen bûten spits oantrekliker

12 jun 2015 - 21:04

Om reizgjen bûten de spits yn de trein oantrekliker te meitsjen kin je tenei by ferfiersbedriuw Arriva punten sparje. Moandei set Arriva útein mei de aksje. Mei help fan in spesjale app MyOV (myn OV) kinne je de punten garje. Dy kin brûkt wurde foar de oanskaf fan kado's. Troch de treinreizen bûten de spits oantrekliker te meitsjen wol Arriva it oantal reizgers better spriede oer de dei.

De app kin foarearst allinnich brûkt wurde yn de treinen yn Fryslân, Grinslân en it Vechtdal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)