Arriva lit mear bussen ride

01 feb 2013 - 11:04

Ferfiersbedriuw Arriva lit fan 1 april ôf mear bussen ride op ferskate linen. De provinsje keapet ekstra busritten yn, neidat ferskate doarpen klage hiene oer de nije tsjinstregeling. Sa binne der buslinen dy't moarns net goed oanslute op de skoaltiden en middeis hielendal net ride. Fan 1 april ôf wurdt de tsjinstregeling struktureel oanpast. De provinsje en Arriva besykje de driuwende problemen earder op te lossen. De kommende wiken binne der mear petearen mei de doarpen dêr't it iepenbier ferfier flink ynkrompen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)