Arriva keapet nije bussen

27 nov 2000 - 18:54

Busbedriuw Arriva sil 100 nije bussen út Ingelân ynsette yn Noard-Nederlân. De earste 50 saneamde 'Dennisbussen' binne op dit stuit al yn Nederlân en wurde fan desimber ôf brûkt. De oare 50 komme yn it begjin fan 2001.

De Dennisbus stiet bekend om in lege ynstap en in leech brânstofferbrûk. Arriva wol mei de oankeap mear minsken yn de bus sjen te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)