Arriva hat net meidien oan aksje

09 jan 2004 - 00:00

Ferfiersmaatskippij Arriva hat net meidien oan de lanlike protestaksje tsjin geweld en agresje yn it iepenbier ferfier. Fakbûnen en inkele ferfiersmaatskippijen ha freed 17.25 oere har streek- of stedsbus foar 60 tellen stil set.

De oanlieding foar de aksje wie de stek-partij earder dizze wike yn Zaandam. Dêr rekke in sjauffeur ferwûne nei't er troch in man oanfallen waard mei in mes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)