Arriva giet troch mei OV-kaart

23 sep 2008 - 07:04

Ferfiersbedriuw Arriva giet foarearst troch mei de tariedings foar it ynfieren fan de OV-chipkaart. Moandei waard bekend dat in tal konsuminte-organisaasjes, lykas de ANWB, Rover en Consumentenbond, út it oerlis stapt is oer dy OV-chipkaart. Sy sjogge gjin foardielen mear yn it ynfieren.

Arriva giet der fanút dat de kaart der wol komt, mar doart gjin yngongsdatum te neamen. It wachtsjen is no earst op oerlis fan steatssekretaris Huizinga mei de konsuminte-organisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)