Arriva ferkeapet taksy's

24 okt 2006 - 16:03

Ferfiersbedriuw Arriva ferkeapet har taksy-ûndernimmings yn Assen, Meppel, Hoogeveen, Hardenberg en Emmer- Compascuum oan in groep taksybedriuwen út Fryslân, it saneamde Flexi-tax. Troch de oername ûntstiet der in konsortium fan taksybedriuwen mei 1000 man personiel en 600 taksy's en bussen.

De oername hat gjin gefolgen foar it personeel. Flexi-tax wol syn posysje fersterkje by oanbestegingen yn bygelyks it handikapteferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)