Arriva drok mei SR-besikers

25 des 2013 - 16:59

Arriva hat it smoardrok hân mei it ferfieren fan reizgers dy't nei Serious Request yn Ljouwert gienen. Yn de bussen en treinen sieten in soad minsken. De treinen wiene twa of trije kear salang as oars en op in tal mominten binne ekstra bussen ynset. Allinnich op de earste dei fan de helpaksje wiene der jûns op de line nei Grins problemen, sa seit in wurdfierder.

Doe wie der fierstente min plak yn de trein fan healwei tsienen. Op de folgjende dei is in langere trein ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)