Arriva-bus bekûgele

13 apr 2003 - 00:00

Unbekenden hawwe sneontejûn in bus fan Arriva mei in grut foarwerp bekûgele. It barde op de Schottelenburgwei by Sânhuzen. Op dat plak kaam der ynienen in grut, noch ûnbekend troch in rút oan de rjochterkant de bus yn. It foarwerp gie der troch in rút oan de linker krant wer út. Yn beide ruten bleau in gat fan tsien sentimeter achter.

De skrik siet der goed yn by bussjauffeur en reizgers, mar nimmen hat in mooglike dieder sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)