Arrestearje by Nyegea blykt oefening te wêzen

12 jan 2016 - 15:43

De oanhâlding fan fjouwer minsken op in carpoolplak by Nyegea blykt in oefening te wêzen. De plysje melde earst dat it echt wie. Letter waard dúdlik dat it om in oefening gie. De ôfdieling kommunikaasje wist dat net.

By de oefening waarden de fertochten ûnder fjoer hâlden, wylst se yn in auto sieten. Der wiene meardere manskippen by belutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)