Arrestant wurdt woest

24 mrt 2007 - 16:12

In 23-jierrige arrestant draaide freedtejûn hielendal troch by it ferfier nei it plysjeburo op It Hearrenfean. Hy sloech mei de fûsten op it autorút en skopte om him hinne.

De jongeman wie dêrfoar op de Dekemaleane oanhâlden. Hy soe op De Fortuin in 45-jierrige plakgenoat slein en skopt hawwe. Wat de oanlieding dêrfoar wie, is net bekend. De man is yn de boeien slein en foar ferhear op it plysjeburo fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)