Arrestaasjes yn yllegaal bordeel

18 aug 2004 - 13:35

Yn in yllegaal bordeel yn Drachten hat de plysje tiisdeitejûn fiif Bulgaren oanhâlden. Trije fan harren, twa froulju en in man, wurde ynkoarten it lân útset omdat se hjir ynllegaal binne. De twa oaren hawwe oanjûn dat se sels it lân ferlitte sille.

De plysje hat de útbaters fan it bordeel ek oanhâlden. Dat barde by in kontrôle troch it prostitúsjeteam fan Plysje Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)