Arrestaasjes yn saak-deade man

17 feb 2011 - 15:08
  • Foto: Douwe Jan de Kroon

De plysje hat trije manlju oanhâlden om't se mooglik wat te krijen hawwe mei de dea fan in man op It Hearrenfean. Yn in wenning oan de Compagnonstrjitte waard woansdeitejûn it libbenleaze lichem fan 'e man oantroffen.

De plysje kaam de deade man op it spoar nei in melding. Hoe't de man om it libben kaam is en wat syn krekte identiteit is, wol de plysje noch net kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)