Arrestaasjes yn grutte sedesaak

01 aug 2001 - 00:00

Yn 'e Ljouwerter Seeheldebuert binne seis persoanen oanhâlden fanwege in sedesaak. Se soene tsien bern fan 2,5 oant 15 jier seksueel misbrûkt hawwe. Fan 'e seis arrestanten binne twa minder slim fertochten alwer frijlitten.

In spesjaal team fan helpferlieners begeliedt de slachtoffers. Seis resjersjeurs binne noch drok dwaande mei de oplossing fan 'e saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)