Arrestaasjes foar mishanneling

24 okt 2007 - 10:42

De plysje hat fjouwer manlju arresteard foar it mishanneljen fan in man út Nes nei de fuotbalwedstriid fan Hearrenfean tsjin Heracles. It giet om trije manlju út Almelo en ien út Vriezenveen.

De Nessemer waard sûnder oanlieding mishannele en rekke dêrby bot ferwûne oan syn gesicht en hân. Hy waard fûn troch de plysje. De fertochten koene oanhâlden wurde nei djipgeand ûndersyk troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)