Arrestaasjes foar minskehannel

07 sep 2010 - 16:21

De plysje hat yn in ûndersyk nei minskesmokkel en minskehannel fjouwer wenten yn Fryslân en Drinte trochsocht. It giet om wenningen yn Drachten, Appelskea, Assen en Zwiggelte.

Der binne ek fjouwer minsken fan tusken de 42 en 52 jier oanhâlden. Se wurde fertocht fan minskehannel en minskesmokkel, wytwaskpraktiken en it dielnimmen oan in kriminele organisaasje. Ien fan 'e fertochten wurdt fertocht fan ferkrêfting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)