Arrestaasjes foar drugshannel

30 apr 2006 - 12:19

De plysje hat trije fertochten oppakt foar hannel yn drugs. It giet om ynwenners fan Frjentsjerteradiel yn 'e âldens fan 18 oant en mei 21 jier. De plysje seach yn Frjentsjer in auto stean mei dêryn de fertochten. Ien fan harren die wat yn 'e bûse.

De plysje hat de auto doe ûndersocht en fûn wikkels cocaïne, fleskes GHB en pûdsjes himp. De plysje hat alle drugs yn beslach nommen en de fertochten oerbrocht nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)