Arrestaasje foar himpkwekerij

20 sep 2007 - 10:25

De plysje hat woansdei in 44-jierrige man oanhâlden foar belutsens by de grutte himpkwekerij dy't ferline wike yn Ljouwert opdoekt is. Fanwege dy saak hat der hússiking west yn in gebou oan de Sint Jabiksstrjitte yn Ljouwert. Dêr trof de plysje in droechrûmte foar himp oan. It guod dêr is yn beslach naam en ferneatige.

De plysje slút net út dat noch mear minsken arrestearre wurde sille yn dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)